Tommy Cooper | ||
![]() | ||
Byld fan waaks fan Tommy Cooper by Madame Tussaud yn Blackpool, Lancashire | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Thomas Frederick Cooper | |
nasjonaliteit | ![]() | |
berne | 19 maart 1921 | |
berteplak | Caerphilly | |
stoarn | 15 april 1984 | |
stjerplak | Londen | |
etnisiteit | ![]() | |
wurkpaad | ||
berop/amt | komyk, yllusjonist | |
jierren aktyf | 1947-1984 |
Thomas Frederick (Tommy) Cooper (Caerphilly (Wales), 19 maart 1921 – Londen, 15 april 1984) wie in Welsk komyk en yllusjonist. Hy krige al betiid yn syn karriêre yn de gaten dat er by it mislearjen fan syn trúks op syn minst likefolle súkses by it publyk hie as by it wol slachjen dêrfan.
Hy tsjinne earst sân jier yn it Britske leger, foardat er úteinlik syn gûchelfeardichheden ûntwikkele en lid waard fan The Magic Circle. Hoewol't er in skoft op toernee wie mei syn magyske act, dy 't spesjalisearre wie yn gûcheltrúks dy 't liken te "mislearjen", waard er ynternasjonaal bekend doe't syn karriêre him ferlei nei de telefyzje, mei programma's foar London Weekend Television en Thames Television. Tsjin 'e ein fan 'e jierren 1970 smookte en dronk Cooper swier, wat syn karriêre en syn sûnens oantaaste, wêrtroch't er gjin nije programma's mear presintearje koe en allinne noch as gaststjer yn oare amusemintsprogramma's optrede. Op 15 april 1984 ferstoar Cooper yn de âldens fan 63 jier nei in hertoanfal, live op telefyzje.