Toni Merkens | ||
![]() | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Nikolaus Anton Merkens | |
nasjonaliteit | ![]() | |
bertedatum | 21 juny 1912 | |
berteplak | Keulen | |
stjerdatum | 20 juny 1944 | |
stjerplak | Bad Wildbad | |
sportive ynformaasje | ||
sport | Baanhurdfytsen | |
ûnderdiel | Sprint | |
O.S. | Berlyn 1936 | |
debút | 1933 | |
karriêre-ein | 1942 | |
wichtige prestaasjes | ||
![]() ![]() |
Nikolaus Anton (Toni) Merkens (Keulen, 21 juny 1912 - Bad Wildbad, 20 juny 1944) wie in Dútsk baanhurdfytser.
Hy die yn 1936 ienris mei oan de Olympyske Simmerpullen. Hy waard yn Berlyn Olympysk kampioen op de sprint. Nei syn oerwinning waard er der troch de Nederlânske ploech fan beskuldige Arie Van Vliet hindere te hawwen. Mar yn stee fan in diskwalifikaasje mocht Merkens syn goud hâlde en krige er inkeld in boete fan 100 mark.
Merkens waard prof nei de Olympyske Spullen fan 1936. Yn 1937 en 1939 wûn hy súlver op de sprint by de Dútske kampioenskippen. Yn 1940 waard er Dútsk kampioen by de lange ôfstân en yn 1941 wer sulver. Yn 1942 waard er Dútsk kampioen op de sprint.
Net lang nei syn lêste kampioenskip waard Merkens oproppen foar de Wehrmacht. By gefjochten mei de Sovjets oan it Eastfront, waard er rekke troch in granaatsplinter tusken it hert en de longen. Toni Merkens ferstoar op 20 juny 1944, yn 'e âldens fan 31 jier, yn in sikehûs yn Bad Wildbad nei't er harsenfluesûntstekking oprûn hie.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|