Tonny de Jong | ||
![]() | ||
Tonny de Jong | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
bertedatum | 17 july 1974 | |
berteplak | Skarsterbrêge | |
sportive ynformaasje | ||
sport | reedriden | |
ûnderdiel | Langebaan | |
O.S. | Lillehammer 1994, Nagano 1998, Salt Lake City 2002 | |
debút | 1993 | |
karriêre-ein | 2002 | |
wichtige prestaasjes | ||
Jeropeesk Kampioen Oer Alles (1997 & 1999) |
Tonny de Jong (Skarsterbrêge, 17 july 1974) is in eardere Fryske reedrydster, dy't hikke en tein is yn Langsweagen en It Hearrenfean. Yn 2003 troude hja op It Hearrenfean mei de Kanadeeske rider Mark Knoll. Letter sette se har nei wenjen yn Calgary. Har bynamme wie Pocket Rocket fanwege har hege snelheid en koarte lingte.