Totnan (hillige)

Totnan
   hillige
Houten byld fan Totnan yn 'e Neumünster fan Würzburg (rekonstruksje út 1910 fan Heinz Schiestl fan in orizjineel houten byld fan Tilman Riemenschneider, dat yn 1945 ferlern gie).
Houten byld fan Totnan yn 'e Neumünster fan Würzburg (rekonstruksje út 1910 fan Heinz Schiestl fan in orizjineel houten byld fan Tilman Riemenschneider, dat yn 1945 ferlern gie).
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Iersk
berteplak Ierlân
stjerdatum 8 july 689
stjerplak Würzburg
hillichferklearring
hillichdom Neumünster, Würzburg

De hillige Totnan (berne yn 'e 7e iuw – ferstoarn yn Würzburg op 8 july 689) wie in Ierske apostel dy't as diaken mei Kiliaan, Kolonat en njoggen oaren troch Galje nei Rome reizge en dêr paus Konon moete. Dêrnei reizgen de tolve manlju fierder nei Würzburg yn Dútslân om te evangelisearjen yn it Frankelân en Tueringen. Wylst de oaren dêr fierder reizgen, bleaune Totnan, Kiliaan en Kolomat yn Würzburg.

Kiliaan wist hartoch Gosbert fan Würzburg te bekearen, mar syn frou Gailana bleau in heiden. Hja wie de widdo van Gosbert's broer en Kiliaan hie him warskôge dat syn houlik net strykte mei it tsjerklik rjocht. Gailana makke har dêr sa lilk om, dat hja har soldaten op 'e trije manlju ôfstjoerden om se alle trije te ûnthalzjen.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne