Troilus en Kressida

Troilus en Kressida
algemiene gegevens
oarspr. titel Troilus and Cressida
auteur William Shakespeare
taal Ingelsk
foarm toanielstik
sjenre trageedzje
skreaun ±1602
1e publikaasje 1609, Londen
oersetting nei it Frysk
Fryske titel Troilus en Cressida
publikaasje 1966, Drachten
útjouwer Fryske Shakespeare Stifting
oersetter Douwe Kalma

Troilus en Kressida, yn it oarspronklike Ingelsk: Troilus and Cressida (folút eins: The Famous History of Troilus and Cressida, "De Ferneamde Skiednis fan Troilus en Kressida"), is in toanielstik fan 'e hân fan 'e wiidferneamde Ingelske skriuwer en dichter William Shakespeare. It is in trageedzje dy't weromgrypt op 'e Trojaanske Oarloch sa't dy troch Homêros beskreaun waard yn syn Ilias, en ferhellet oer de tragyske leafde tusken de Trojaanske prins Troilus en de preestersdochter Kressida, wylst op 'e eftergrûn de oangeande kriich tusken de Griken en de Trojanen behannele wurdt. It stik einiget tige nearzich mei de dea fan 'e Trojaanske prins en held Hektor en de ein fan 'e leafde tusken de beide haadrolspilers. Troilus en Kressida is fier fan in tradisjonele trageedzje; it is ynstee in dreech stik, mei in toansetting dy't allegeduerigen wyld hinne en wer slacht fan skabeljeuze grapmakkerij nei swiersettige tragyk en werom. Dat hat derta laat dat lêzers en teäterbesikers gauris net krekt witte wat se mei de personaazjes oan moatte. Yn syn oanhâldende befreging fan wearden lykas maatskiplike hierargy, eare en leafde is it stik lykwols opmerklik modern. Troilus en Kressida is nei alle gedachten skreaun yn of omtrint 1602. It waard foar it earst útjûn yn 1609. De Fryske oersetting fan Douwe Kalma ferskynde yn 1966.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne