De trompet is in koperblaasynstrumint wêrby't it lûd ûntstiet troch mei spande lippen yn it mûlestik te blazen. De trompet klinkt frij heech en hat in heldere, trochkringende toan. De ôfstân fan it mûlestik oant de beker is sa'n 50 sintimeter. De lingte fan de buis fariearret lykwols ôfhinklik fan hoe't it ynstrumint stimd is. De buis is foarsjoen fan in trijetal fentilen of - yn it gefal fan in skotrompet (net te betiizjen mei in tromboane) troch in skúf. De trompet einiget yn in trachterfoarmige beker, lykas by de measte koperblaasynstruminten. De trompet hat fan âlds in silindryske buis dy't in skerpe klank opjout, en dêrom wurdt er by it skerp koper rekkene. Troch de iuwen hinne binne de mûlepiip (it earste stik nei it mûlestik) en de beker lykwols hieltyd mear koanysk wurden om it ynstrumint makliker bespylber te meitsjen. Adolphe Sax hat in hiele rige ynstruminten boud, de sakshoarns, dy't de ûntjouwing nei de moderne trompet sterk beynfloede hat.