Twadde Keamerferkiezingen 2017

De Twadde Keamerferkiezingen 2017 waard holden op 15 maart 2017. By dy ferkiezingen waarden de 150 leden fan de Twadde Keamer keazen.

Nei it stimmetellen yn 388 gemeenten wie de sterkste partij de konservatyf-liberale Folkspartij foar Frijheid en Demokrasy (VVD) fan premier Mark Rutte. Geert Wilders en syn rjochts-populiste Partij foar de Frijheid (PVV) hie it twadbêste resultaat mei 13,1% fan de stimmen. De opkomst wie 81,6%. Dat wie 7% heger as by de lêste Twadde Keamerferkiezingen 2012.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne