In typmasine (eins: skriuwmasine, en yn de folksmûle foarhinne ek wol tikmasine neamd) is in meganysk skriuwynstrumint, meast foarsjoen fan druktoetsen dêr’t skrifttekens mei op papier set wurde kinne. Fóár de útfining fan de skriuwmasine, yn de 19e iuw, waarden brieven en ek offisjele dokuminten mei de hân skreaun, faak troch klerken.
Yn ’t earstoan waard it as net hoflik sjoen om in skriuwmasine te brûken foar in brief. Oant yn de twadde helte fan de tweintichste iuw skreaune se sollisitaasjebrieven, brieven oan it Keninklik Hûs en brieven oan freonen mei de hân. Jo kinne dat paradoksaal neame, om’t in soad hânskriften min te lêzen binne. In útjouwer fan boeken, dêrfoaroer, akseptearre fan de auteur allinnich masineskrift.
Sûnt it opkommen fan de pc, en benammen fan de tekstferwurker, is de skriuwmasine sa goed as út de tiid rekke.
De foardielen fan in tekstferwurker foar in skriuwmasine oer binne:
it besjen fan tekst op in skerm sûnder printsjen dêr’t kosten mei anneks binne;
de sykfunksje, sadat typflaters ien foar ien, en identike flaters tagelyk, ferbettere wurde kinne (nijer: in ynboude staveringshifker, dêr’t mooglike flaters mei oantsjut en korreksjes suggearre wurde)
de opslach fan ferskate ferzjes ûnder opienfolgjende bestânsnammen;[1]
de opslach fan weromkommende tekstparten as boustiennen foar groepearre ferstjoering.[2]
mooglikheid om ferskate lettertypes, kleuren en gruttes sa nedich trochinoar te brûken.
↑ Yn it gefal fan literêr wurk nuttich foar filologen by it bestudearjen fan it kreative proses fan skriuwen en skrassen. Earder hiene argiven of bibleteken gewoanwei mar ién hânskrift of tikke eksimplaar mei trochhellings en korreksjes.