UK Music Video Award | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | ![]() | |
útrikt foar | fideoklips | |
frekwinsje | 1x jiers | |
datum | hjerst | |
plak | Londen (Ingelân) | |
1e útrikking | 2008 | |
offisjele webside | ||
www.ukmva.com |
De UK Music Video Awards binne in groep Britske muzykprizen dy't elts jier útrikt wurde foar kreätiviteit, technyske treflikens en ynnovaasje op it mêd fan Britske en ynternasjonale fideoklips. Fan augustus ôf kinne klips nominearre wurde troch bedriuwen út 'e Britske muzykyndustry of gewoan troch partikulieren. De eigentlike takenning fan 'e prizen wurdt ferrjochte troch in faksjuery, wêrnei't de útrikking earne yn 'e hjerst plakfynt. De UK Music Video Awards waarden foar it earst útrikt yn 2008. Artysten dy't dizze priis yn it ferline wûn hawwe, wiene bgl. Björk, Beyoncé Knowles en Coldplay.