Ullstein Verlag | ||
algemien | ||
nasjonaliteit | Dútsk | |
type | privaat | |
sektor | útjouwerij | |
haadkertier | Berlyn (Dútslân) | |
oprjochte | 1877 | |
oprjochter | Leopold Ullstein | |
mem | Bonnier AB | |
offisjele webside | ||
www.ullstein-buchverlage.de |
Ullstein Verlag is in Dútske útjouwerij dy't fêstige is yn Berlyn. It bedriuw waard yn 1877 oprjochte troch útjouwer Leopold Ullstein en omfiemet û.m. de ymprints Ullstein Buchverlage en Propyläen Verlag. De útjouwerij publisearre foarhinne njonken boeken ek ferskate kranten, lykas B.Z. en de Berliner Morgenpost, mar de krante-útjouwerijpoat waard yn 1956 oernommen troch Axel Springer A.G. Hjoed de dei is Ullstein Verlag ien fan 'e grutste en meast foaroansteande útjouwerijen fan Dútslân, dy't eigendom is fan it Sweedske Bonnier AB.