Undersoarte

In ûndersoarte of ras is yn 'e taksonomy de rang dy't fuort ûnder dy fan soarte komt. In ûndersoarte heart altyd ta in soarte, en kin net op himsels bestean: der sille altiten twa of mear ûndersoarten fan in soarte wêze (wêrfan't guon útstoarn wêze kinne). Ek is it mooglik dat it om in monotypyske soarte giet, dy't hielendal gjin ûndersoarten hat. Mar der kin nea allinnich mar ien ûndersoarte wêze.

It kritearium om te sprekken fan ûndersoarten ynstee fan selsstannige soarten, is dat de ûndersoarten fan ien soarte harren mei-inoar fuortplantsje kinne en dêrby fruchtbere jongen produsearje. Om in foarbyld te jaan: in wolf út Jeraazje produsearret seksueel fruchtbere neikommelingen mei in wolf út it Noard-Amearika. Der kin sadwaande sprutsen wurde fan ien soarte mei ûndersoarten dy't ûnderskaat wurde op grûn fan justjes ôfwikende genetyske skaaimerken. Oan 'e oare kant is it sa dat it hynder en de ezel har wol mei-inoar fuortplantsje kinne, mar harren neikommelingen, it mûldier en de mûlezel, binne ûnfruchtber. Dus hynders en ezels foarmje ferskillende bistesoarten.

Undersoarten binne faak ûntstien troch geografyske isolaasje fan dielpopulaasjes fan in beskate soarte, bgl. op in eilân of trochdat se fan 'e rest fan 'e wrâldpopulaasje skaat waarden troch in berchtme.

Yn 'e moderne tiid hawwe de húsdieren fan 'e minske (hûn, kat, ko, hynder, baarch, skiep, geit) har troch fokkerij ta withoefolle rassen ûntjûn. It ferskil tusken in ûndersoarte en in ras is dat in ûndersoarte ûntstiet troch natuerlike seleksje, wylst in ras op keunstmjittige wize ûntstiet troch selektyf fokken fan bisten troch de minske.

In ûndersoarte hat in trijefâldige wittenskiplike namme; sa hjit de Jeropeeske foks bgl. Vulpes vulpes crucigera. It earste diel is de namme fan it taksonomyske skaai dêr't de soarte ta heart, yn dit gefal it skaai fan 'e foksen (Vulpes). It twadde diel jout de soarte oan, yn dit gefal de foks (Vulpes vulpes). It trêde diel jout de ûndersoarte oan. In ûndersoarte wêrfan't de ûndersoartspesifike namme gelyk is oan 'e soartspesifike namme wurdt de nominaat neamd, of de nominaatfoarm fan 'e soarte. Sa is bgl. de gewoane lytse gieltoefkakketoe (Cacatua sulphurea sulphurea) de nominaatfoarm fan 'e lytse gieltoefkakketoe (Cacatua sulphurea).

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne