Universiteit Stellenbosch | ||
It âlde haadgebou fan de Universiteit Stellenbosch | ||
Namme | ||
Ofkoarting | SUN | |
Ynternasjonale namme | Stellenbosch University | |
Biedwurd | Pectora roborant cultus recti | |
Lokaasje | ||
Lân | Súd-Afrika | |
Plak | Stellenbosch | |
Oare bysûnderheden | ||
Type | iepenbiere ûndersyksuniversiteit | |
Oprjochting | 1866/1918 | |
Rektor | Wim de Villiers | |
Tal studinten | 26.243 (2009) | |
Tal meiwurkers | 2.430 | |
Netwurken | Feriening fan Afrikaanske Universiteiten | |
Offisjele webside | ||
www.sun.ac.za |
De Universiteit Stellenbosch is in universiteit yn it Súdafrikaanske Stellenbosch. De universiteit is ien fan de ferneamdste fan it Afrikaanske kontinint. It is de ienichste universiteit fan Súd-Afrika dy’t noch yn it Afrikaansk lesjout njonken it Ingelsk. Dy sitewaasje krijt fûl ferset fan minsken fan it regear.
It motto fan de skoalle is Pectora roborant cultus recti ('in deugdelike oplieding sterket it ferstân'). Op it stuit (2009) hat de universiteit 26.243 studinten[1] en hat it 2567 meiwurkers.[2]
Yn Afrikaansk-talige famyljes út heul Súd-Afrika (en de lannen dêr om hinne, lykas Namybje) is it fan âlds út in tradysje om de bern nei de middelbere skoalle studearje te litten oan de Universiteit Stellenbosch.