Gemeente Urk | |
---|---|
![]() Haven fan Urk | |
flagge | wapen |
![]() |
![]() |
lokaasje | |
![]() | |
polityk | |
lân | ![]() |
provinsje | ![]() |
boargemaster | Cees van den Bos (SGP) |
sifers en geografy | |
haadplak | Urk |
ynwennertal | 21.914 [1] (1 jannewaris 2024) |
befolkingstichtens | 1.614 ynw./km² |
oerflak | 111,86 km² |
● wêrfan lân | 13,15 km² |
● wêrfan wetter | 98,71 km² |
tal doarpen | 1 |
ferkearsieren | N351 N352 |
skiednis | |
oprjochte | Sûnt 1824 selstannige gemeente |
oar | |
netnûmer | 0527 |
postkoade | 8320-8324 |
tiidsône | UTC +1 |
simmertiid | UTC +2 |
webside | www.urk.nl |
Urk is in plak en gemeente yn de Noardeastpolder yn de provinsje Flevolân. Urk is de lytste gemeente fan Flevolân. De gemeente hat 21.914 (1 jannewaris 2024, boarne: CBS) op in oerflak fan 13,15 km².
Oant 1939 wie Urk, doe’t de dyk mei De Lemmer ôfboud waard, in eilân yn de Iselmar, en foar 1932 in eilân yn de âlde Sudersee. Yn 1942 waard de Noardeastpolder drûch makke, mar foar de bewenners fan Urk libbet it eilângefoel noch hieltyd. De minsken wenje dan ek net ‘yn Urk’, mar 'op Urk'.
It dialekt fan Urk, it Urkersk, is in tige libbend dialekt en wykt bot ôf fan oare dialekten yn de omkriten. Urk hat syn eigen folksliet, it Urker Folksliet. It wurdt benammen songen by keningsdei en oar offisjeel barren.