Ursus fan Solothurn | ||
![]() | ||
Sint-Ursusbyld fan 'e Sankt-Ursusbrunnen yn Solothurn. | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
bertedatum | 3e iuw | |
stjerdatum | 286 of ± 303 | |
stjerplak | Solothurn | |
hillichferklearring | ||
fereare troch | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
hjeldei | 30 septimber | |
patroan fan | Solothurn, bisdom Basel |
Ursus fan Solothurn († 286[1] of ± 303[2] ) wie in Romeinske Kristen út 'e 3e iuw, dy't as hillige fereare wurdt. Ursus is mei Fiktor fan Solothurm de patroanhillige fan 'e katedraal yn it Switserske stêd Solothurn, dêr't syn reliken bewarre wurde.
Hy waard al hiel ier (lykas yn it Martyrologium Romanum) mei it Tebaanske Legioen en Sint-Fiktor yn ferbân brocht. Mei syn gesel Fiktor en noch 66 oare kristensoldaten wist er oan 'e moardnerij yn Agaunum (it hjoeddeiske Saint-Maurice) te ûntkommen. Mei Fiktor gie er nei Solothurm, dêr't se ek alletwa martele en ombrocht waarden.[3]
It libben fan Ursus waard yn 'e 5e iuw beskreaun troch aartsbiskop Eucherius fan Lyon. Dy wie lykwols ôfhâldend wat harren bân mei it Tebaanske Legioen oanbelange. Eucherius skreau dat Ursus om 286 hinne martele en ûnthalze waard yn 'e tiid fan keizer Maksimianus en gûverneur Hyrtacus, nei't er wegere om oan 'e ôfgoaden te offerjen.