VEONN (Vervoersoderneming Noord-Nederland) wie in Noard-Nederlânsk iepenbier ferfierbedriuw dat op 1 jannewaris 1996 ûntstie troch in fúzje tusken de FRAM út Fryslân en de DVM/NWH út Drinte en de Noardeastpolder/Noardwest-Oerisel. De oarspronklike namme foar it fúzjebedriuw soe 'Noardnet' wurde (mei in -t oan 'e ein), mar troch in rjochtenprobleem ferdwûn dy namme en waard foar VEONN keazen.[1][2] It bedriuw hat noch gjin trije jier bestien, want it waard op 30 septimber 1998 oernomd troch Arriva. Dat joech Arriva direkt in sterke posysje yn it noarden fan Nederlân. De bussen rieden lykwols pas op 22 april 1999 mei it Arriva-logo.