Van Abbemuseum

It Van Abbemuseum
Nijbou en âldbou. Op de foargrûn it hûske fan Körmeling

It Van Abbemuseum is in museum foar moderne en hjoeddeiske keunst yn it sintrum fan Eindhoven oan de Dommel. It museum waard yn 1936 iepene en is neamd nei de oprjochter, sigarefabrikant Henri van Abbe. Van Abbe wie in leafhawwer fan moderne keunst en woe Eindhoven dêr ek fan genietsje litte.

It gebou wie in ûntwerp fan arsjitekt A.J. Kropholler yn tradisjonalistyske styl. Twadde helte 20e iuw groeide it museum flink en oan de ein fan de iuw wie it besteande museum fierstente lyts wurden foar de kolleksje, de bibleteek en foldie it net mear oan de easken fan eigentiids belied en bedriuwsfiering. Der kaam nijbou, neffens in ûntwerp fan arsjitekt Abel Cahen, dat it museum sa'n fiif kear grutter makke. Sûnt 2003 is it fernijde Van Abbemuseum iepen foar publyk.

De kolleksje fan it museum bestiet anno 2010 út goed 2700 keunstwurken, likernôch 1000 wurken op papier, 700 skilderijen en 1000 skulptueren, ynstallaasjes en fideowurk. It museum hat ien fan de grutste kolleksjes skilderijen yn de wrâld fan El Lissitzky. Teffens besit it wurk fan Pablo Picasso en Wassily Kandinsky.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne