Vengeance (band)

Vengeance
band
Byldmateriaal ûntbrekt
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Nederlânsk
sjongtaal Ingelsk
sjenre Metal
bestean 1983-1992,
1997-1998,
2006-No
label(s) CBS,
Brunette,
Transmission,
MTM,
Metal Heaven,
Steamhammer
leden
Sang Leon Goewie
Gitaar Timo Somers
Gitaar Leon Sibum
Bas Barend Courbois
Drums John Emmen

Vengeance (Ingelsk foar "wraak") is in Nederlânske metalband oprjochte yn 1983 yn Waalwyk. De band brocht yn 1984 syn debútalbum Vengeance út. Yn 1992 waard de band opheft mar fiif jier letter yn 1997 wiene se alwer koart efkes aktyf, om yn 1998 der noch ris mei op te halden en yn 2006 wer te begjinnen. Yn de rin fan de jierren hat Vengeance in protte bandleden ferspile, njoggen gitaristen, fjouwer bassisten, ien toetsenist, acht drummers en ien sjonger, werfan gitarist Arjen Lucassen it bekendste earder bandlid is. Yn 2011 ferstoar gitarist Jan Somers oan in hertynfarkt. De teksten fan de band gean benammen oer de leafde. Vengeance hat tsien studio-albums en ien live-album útbrocht.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne