Verlagsgruppe Georg von Holtzbrinck GmbH | ||
algemien | ||
nasjonaliteit | Dútsk | |
type | privaat | |
sektor | útjouwerij | |
haadkertier | Stuttgart (Dútslân) | |
oprjochte | 1948 | |
oprjochter | Georg von Holtzbrinck | |
eigner | Monika Schoeller Stefan von Holtzbrinck | |
dochters | sjoch ûnder ymprints | |
sifers | ||
omset | €2,1 miljard (2005) | |
winst | €142 miljoen (2005) | |
aktyf yn | hiele wrâld | |
wurknimmers | 14.000 (2005) | |
offisjele webside | ||
www.holtzbrinck.com |
De Verlagsgruppe Georg von Holtzbrinck GmbH is ien fan 'e grutste útjouwerijen fan Dútslân, dy't fêstige is yn Stuttgart, yn súdwestlike dielsteat Baden-Wuertemberch. It bedriuw is no wrâldwiid aktyf troch de oankeap fan in grut tal oare útjouwerijen, wêrfan't it Britske Macmillan Publishers de grutste en wichtichste is. Mei de Hachette Book Group, HarperCollins Publishers, Penguin Random House en Simon & Schuster wurdt Holtzbrinck-Macmillan no ta de fiif grutste Ingelsktalige útjouwers fan 'e wrâld rekkene. Bekende útjeften fan Holtzbrinck binne it boek de Satansfersen, fan Salman Rushdie, it Amerikaanske wittenskiplike tydskrift Nature en de Dútske krante Die Zeit.