Vivid Entertainment | ||
![]() | ||
algemien | ||
nasjonaliteit | ![]() | |
type | privaat | |
sektor | pornografyske filmstudio | |
haadkertier | Los Angeles (Kalifornje) | |
oprjochte | 1984 | |
oprjochter | Steven Hirsch David James | |
offisjele webside | ||
www.vivid.com |
Vivid Entertainment, of: de Vivid Entertainment Group, gauris ôfkoarte ta Vivid, is in Amerikaanske pornografyske filmstudio dy't fêstige is yn Los Angeles, yn 'e steat Kalifornje. De studio waard yn 1984 oprjochte troch Steven Hirsch en David James. Hoewol't de begjinjierren fan Vivid dreech wiene, waard it label yn 2006 troch it parseburo Reuters omskreaun as ien fan it hantsjefol studio's dat de Amerikaanske pornoyndustry dominearret. Hjoed de dei hat Vivid mear AVN Awards (de Oskars fan 'e pornoyndustry) binnenhelle as lykfol hokker oare studio.