De Waadsee (Dútsk: Wattenmeer, Deensk: Vadehavet) is de binnensee dy't yn Nederlân, Dútslân en Denemark tusken de Waadeilannen en de wâl leit. De see is likernôch 450 km lang, en 5 oant 30 km breed. By leech wetter falt it grutste part fan de Waadsee drûch, wêrtroch de see in tige wichtich foerazjeargebiet foar fûgels is. It Waad stiet sûnt 2009 op de Wrâlderfgoedlist fan de UNESCO. Dat wurdt elts jier fierd op 'e Dei fan it Waad.