Warwickshire | ||
emblemen | ||
polityk | ||
soarte gebiet | seremonieel greefskip | |
lân | Feriene Keninkryk | |
lânsdiel | Ingelân | |
regio | Westlike Midlannen | |
haadplak | Warwick | |
grutste plak | Nuneaton | |
sifers | ||
ynwennertal | 571.010 (2021) | |
oerflak | 1.975 km² | |
befolkingstichtens | 289,1 / km² | |
oar | ||
stifting | Iere Midsiuwen | |
tiidsône | UTC | |
simmertiid | UTC +1 | |
koördinaten | 52°20′ N 1°35′ W | |
offisjele webside | ||
www.warwickshire.gov.uk |
Warwickshire (útspr.: [ˈwɒɹɪkʃə] of [ˈwɒɹɪkʃɪə(ɹ)], likernôch: "ûôr-rik-sjuh" of "ûôr-rik-sjea(r)", beharkje), ôfkoarte ta Warks, is in seremonieel greefskip fan Ingelân yn 'e westlike Midlannen. It gebiet stiet benammen bekend om it pittoreske Stratford-upon-Avon, dêr't de skriuwer William Shakespeare wei kaam, en om syn ferline fan stienkoalmynbou. Neffens de folkstelling fan 2021 hie Warwickshire doe 571.000 ynwenners. It tradisjonele haadplak fan it greefskip is Warwick, mar It grutste plak is no Nuneaton. Histoarysk omfette it greefskip ek de stêd Coventry en de binnenstêd fan Birmingham. It gebiet fan it greefskip Warwickshire falt gear mei dat fan Warwickshire County Council, in bestjoerlik distrikt mei syn sit yn Warwick. As greefskip wurdt Warwickshire no inkeld noch as statistyske ienheid en as geografysk referinsjeramt brûkt.