Waylon Jennings | ||
![]() | ||
![]() | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Wayland Arnold Jennings | |
nasjonaliteit | ![]() | |
berne | 15 juny 1937 | |
berteplak | Littlefield (Teksas) | |
stoarn | 13 febrewaris 2002 | |
stjerplak | Chandler (Arizona) | |
etnisiteit | ![]() ![]() | |
wurkpaad | ||
sjenre | country, rock | |
sjongtaal | Ingelsk | |
ynstrumint | gitaar | |
grutste hit(s) | This Time The Ramblin' Man Are You Sure Hank Done It This Way? Good Ol' Boys | |
jierren aktyf | 1958 – 2002 | |
prizen | 2x Grammy Award | |
offisjele webside | ||
www.waylonjennings.com |
Waylon Jennings (folút: Wayland Arnold Jennings; Littlefield (Teksas), 15 juny 1937 – Chandler (Arizona), 13 febrewaris 2002), wie in Amerikaansk sjonger, muzikant, lietsjesskriuwer en akteur, dy't syn muzykkarriêre úteinsette doe't er noch mar tolve jier wie. Hoewol't er him yn 't earstoan ek mei oare sjenres ôfjoech, keas er letter mear útslutend foar de countrymuzyk. Jennings wurke nau gear mei grutte nammen as Johnny Cash en Willie Nelson, en hie in grutte ynfloed op it sjenre. Under de prizen dy't er wûn wiene twa Grammy Awards, de meast prestizjeuze Amerikaanske muzykpriis. Bûten de Feriene Steaten krige er benammen bekendheid troch syn voice-over en de titelsong fan 'e populêre tillefyzjesearje The Dukes of Hazzard, yn 'e earste helte fan 'e tachtiger jierren. Yn 2002 ferstoar Jennings oan komplikaasjes feroarsake troch sûkersykte.