Weda

Weda
Woadan, Wodan, Odin, enfh.
Weda, troch Georg von Rosen, 1886.
Weda, troch Georg von Rosen, 1886.
persoanlike bysûnderheden
bynamme Alheit e.o.
religy Germaansk heidendom
domein wiisheid, kennis, genêskunde,
de dea, adel, ophinging,
oarloch, tsjoenderij, poëzij,
de runen
wente Walhalla
selskipsdier ravens (Huginn en Muninn)
wolven (Geri en Freki)
hynder (Sleipnir)
famyljerelaasjes en oare besibskip
oarehelte Frigga
heit Burr
mem Bestla
broer Vili en Vé
soan Tonger, Balder e.o.
ekwifalint Seus (Grykske mytology)
Jupiter (Romeinske mytology)
attributen
foarwerp spear (Gungnir)
ring (Draupnir)
plant esk
bist raven

Weda[1] of Woadan, ek bekend as Wōden, Wōdan, Wuotan, Wōtan, Óðinn of Odin, is yn it Germaanske heidendom de wichtichste god fan it panteön, ferlykber mei Seus yn 'e Grykske mytology en Jupiter yn 'e Romeinske mytology. Oer him is it measte oerlevere út 'e Noardske mytology fan Skandinaavje, om't it heidendom dêr it langst bewarre bleau (oant djip yn 'e Midsiuwen). Weda wurdt assosjearre mei wiisheid, kennis, genêskunde, de dea, adel, de galge, oarloch, tsjoenderij (seiðr), poëzij en de runen. Neffens de Noardske myten wied er de oarehelte fan 'e goadinne Frigga en de heit fan in grut tal soannen, ûnder wa Tonger (Thor) en Balder. Hy waard beselskippe fan ravens en wolven en residearre yn it Walhalla, dêr't er út 'e deaden in leger gearstalde foar Ragnarök, de einstriid. De dei woansdei is nei him ferneamd.

  1. Kalma, Douwe, Skiednis fan Fryslân, Grou, 1965, sûnder ISBN, side 41.

From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne