De Westjeropeeske Uny of Westeuropeeske Uny (WEU) wie in Westeuropeeske organisaasje foar militêre gearwurking dy't bestien hat fan 1954 oant 2011. De basis foar de WEU waard lein yn it op 17 maart 1948 yn Brussel troch Belgje, Frankryk, Lúksemboarch, Nederlân en Feriene Keninkryk tekene Ferdrach fan Brussel, offisjeel it "Ferdrach oangeande Ekonomyske, Sosjale en Kulturele Gearwurking en Kollektive Selsferdigening" neamd. Op 23 oktober 1954 is dit ferdrach amendearre en oanfold, wêrby't de Westeuropeeske Uny oprjochte waard. Dy omfette neist de fiif oarspronklike ûndertekeners ek de Bûnsrepublyk Dútslân en Itaalje as leden.
It haadkertier fan de WEU siet yn Brussel. Op 30 juny 2011 is de WEU ûntbûn.