West Vancouver | ||
![]() | ||
Utsjoch op it sintrum fan West Vancouver fanút it westen, by de noardigge fan 'e Burrard-ynham lâns. | ||
Emblemen | ||
![]() ![]() | ||
Bestjoer | ||
Lân | ![]() | |
Provinsje | ![]() | |
Reg. distrikt | Metro Vancouver | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 42.473 (2016) | |
Oerflak | 87,26 km² | |
Befolkingsticht. | 486,7 / km² | |
Stêdekloft | Vancouver | |
Hichte | 0 – 1.224 m | |
Oar | ||
Stifting | 1903 | |
Tiidsône | UTC –8 | |
Simmertiid | UTC –7 | |
Koördinaten | 49°22′00″N 123°10′00″W | |
Offisjele webside | ||
westvancouver.ca | ||
Kaart | ||
Lizzing yn Britsk-Kolumbia.
|
West Vancouver is in stêd en distriktgemeente op it Legere Fêstelân, yn it súdwestlike diel fan 'e Kanadeeske provinsje Britsk-Kolumbia. It is in foarstêd dy't diel útmakket fan 'e stêdekloft fan Vancouver. West Vancouver wurdt fan 'e stêd Vancouver skaat troch de Burrard-ynham, in fjord dy't út it westen wei djip yn it fêstelân fan Britsk-Kolumbia op snijt. Yn 2016 wie de stêd de rykste gemeente fan Kanada. West Vancouver hie yn 2016 goed 42.000 ynwenners.