De wettersneed fan 1953, meastal oantsjut as de wettersneedramp en ynearsten ek wol as Sint-Ignatiusfloed of Beatrixfloed, barde yn de nacht fan sneon 31 jannewaris op snein 1 febrewaris 1953. De ramp waard feroarsake troch in swiere noardwester stoarm yn kombinaasje mei springtij, wêrby't it wetter yn trachterfoarmige súdlike Noardsee ta ekstreme hichte stiigde. It súdwesten fan Nederlân, Seelân en Súd-Hollân, waard it swierst rekke. Ek yn België, Ingelân en Skotlân wiene oerstreamings.
Totaal 2.551 minsken ferlearen it libben (1836 yn Nederlân, 307 yn Ingelân, 28 yn Belgje en 361 op see).