Wilco Julius van Welderen baron Rengers

Mr. W.J. van Welderen baron Rengers.

Wilco Julius van Welderen Rengers (Ljouwert, 14 novimber 1835 - dêre, 21 febrewaris 1916) wie in jurist, boargemaster en politikus. Hy skonk yn 1904 it Rengerspark oan de gemeente Ljouwert.

Rengers wie boargemaster fan Ljouwert en lid fan de Earste en Twadde Keamer. Syn wurk oer de Nederlânske parlemintêre skiednis hat syn grutte betsjutting behâlden.

It Rengerspark yn Ljouwert is nei him ferneamd.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne