Wilhuff Tarkin personaazje út Star Wars | ||
![]() | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
sekse | manlik | |
soarte personaazje | minske | |
nasjonaliteit | ![]() | |
berop/amt | militêr | |
oare ynformaasje | ||
besibbe personaazjes |
Darth Vader keizer Palpatine | |
geastlike heit | George Lucas | |
ûntstean | 1976 |
Wilhuff Tarkin, better bekend as grut-moff Tarkin, is in fiktyf personaazje fan minder belang út 'e Star Wars-franchise fan George Lucas. Hy is in gûverneur, admiraal en fertrouling fan 'e boasaardige keizer Palpatine, dy't spile waard troch Peter Cushing yn 'e film Star Wars: Episode IV – A New Hope (1977). It personaazje fan Tarkin waard eins yntrodusearre yn Star Wars: From the Adventures of Luke Skywalker, de ferboeking fan 'e earste Star Wars-film, dy't yn 1976 útkaam, in jier foàr de film. Yn 2014 waard de roman Star Wars: Tarkin publisearre, skreaun troch James Luceno, dy't spesifyk yngiet op 'e eftergrûn fan it personaazje.