Willem Arnoldus Witsen (Amsterdam, 13 augustus 1860 - dêre, 13 april 1923) wie in Nederlânske keunstskilder, fotograaf en etser. Hy kaam út in begoedige famylje, dêr't ek de 17e iuwske reginten Cornelis Jan Witsen en syn soan Nicolaes Witsen ta hearden.
Witsen, dy't beynfloede waard troch de Amerikaanske skilder James MacNeill Whistler, portrettearre faak sawol rêstige stedsgesichten as agraryske taferelen. Hy makke ek portretten en foto's fan foaroansteande figueren út de Amsterdamske keunstwrâld. Hy wurdt rekkene ta de Amsterdamske ympresjonisten.
Witsen studearre oan de Ryksakademy foar Byldzjende Keunsten yn Amsterdam en yn Antwerpen.