William Barret Travis | ||
militêr | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
namme folút | William Barret Travis | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 1 augustus 1809 | |
berteplak | yn Saluda County (Súd-Karolina) | |
stoarn | 6 maart 1836 | |
stjerplak | San Antonio (Teksas) | |
etnisiteit | Ingelsk | |
wurkpaad | ||
tsjinsttiid | 1835 – 1836 | |
yn tsjinst fan | Republyk Teksas | |
legerûnderdiel | lânmacht | |
heechste rang | luitenant-kolonel | |
befel | garnizoen fan de Alamo | |
konflikt(en) | Teksaanske Unôfhinklikheids- oarloch | |
treffen(s) | Slach om de Alamo | |
oar wurk | abbekaat |
William Barret Travis, ek wol bekend as William B. Travis of William Travis (yn Saluda County (Súd-Karolina), 1 augustus 1809 – San Antonio (Teksas), 6 maart 1836) wie in Amerikaansk ûnderwizer, abbekaat, sjoernalist en militêr fan Ingelsk etnysk komôf. Hy waard ferneamd as ien fan 'e oanfierders fan 'e Teksanen yn 'e Slach om de Alamo, tsjin 'e Meksikanen, as ûnderdiel fan 'e Teksaanske Unôfhinklikheidsoarloch. Op 6 maart 1636 kaam er dêr mei it hiele Teksaanske garnizoen om it libben doe't de Meksikanen de fêsting ynnamen. Syn heldhaftich stânhâlden oant de dea hat him ta ien fan 'e folkshelden fan Teksas makke.