Winchester is in merknamme en in oerkoepeljende beneaming foar in searje populêre hefboomladende repeteargewearen, dy't produsearre waarden troch de Amerikaanske Winchester Repeating Arms Company út New Haven. De earste Winchester wie de Winchester Model 1866 út 1866, dy't in ferbettere ferzje wie fan it Henry-gewear út 1860. It wie ien fan 'e ierste repeteargewearen. It twadde model, de Winchester Model 1873, wie noch folle súksesfoller. It wie ien fan 'e fjoerwapens dy't yn it bysûnder bydroegen ta de kolonisaasje fan it Wylde Westen, yn 'e mande mei de Colt .45-revolver, en it krige sadwaande de bynamme "The Gun that Won the West". It populêrst fan allegear wie de Winchester Model 1894, in nij ûntwerp fan John Browning, dat rûnom foar de jacht brûkt waard. Dêrfan waarden mar leafst 6 miljoen eksimplaren ferkocht foar't de produksje yn 2006, nei 112 jier, stillein waard. Yn 2010 naam de Japanske Miroku Corporation de Winchester Model 1894 fannijs yn produksje.