Winnetou | ||
![]() | ||
De omslach fan in edysje út 1893. | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
sekse | man | |
soarte personaazje | minske | |
nasjonaliteit | Apache | |
berop/amt | opperhaad | |
oare ynformaasje | ||
besibbe personaazjes |
Old Shatterhand | |
attributen | Silberbüchse (gewear) Iltschi (hynder) | |
geastlike heit | Karl May | |
ûntstean | 1875 |
Winnetou (Dútske útspr.: ['ʋinətu], likernôch: "wy-nuh-tû"; yn it Frysk en Nederlânsk almeast útsprutsen as ['ʋɪnətu], "win-nuh-tû") is in fiktive Yndiaanske held dy't figurearret yn in rige romans oer it Wylde Westen fan 'e Dútske skriuwer Karl May (1842-1912). De boeken oer Winnetou en syn bloedbroer Old Shatterhand binne noch altyd ien fan 'e bêst ferkeapjende Dútske romansearjes ea, mei wrâldwiid sa'n 200 miljoen ferkochte eksimplaren. Fral yn Jeropa is de namme 'Winnetou' in begryp. Iroanysk genôch is er yn 'e Feriene Steaten folle minder bekend.