Wishram | ||
![]() | ||
Wishram fan boppe sjoen mei de Kolumbia en de spoarbrêge en Mount Hood op 'e eftergrûn | ||
Bestjoer | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Washington | |
County | Klickitat County | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 342 (2010) | |
Oerflak | 3,3 km² (ynkl. wetter) 3,3 km² (allinne lân) | |
Befolkingsticht. | 98,5/km² | |
Hichte | 54 m | |
Oar | ||
Stifting | 1892 | |
Postkoade | 98673 | |
Tiidsône | Pacific (PST)UTC-8 | |
Simmertiid | UTC-7 | |
Koördinaten | 45°39' 40" N 120° 57' 32" W | |
Kaart | ||
![]() | ||
Lizzing fan Wishram yn Klicitat County yn 'e steat Washington |
Wishram is in plak (Census-designated place) yn Klickitat County yn de steat Washington, Feriene Steaten. It leit oan de noardigge fan de rivier de Kolumbia, 19 km beëasten The Dalles, Oregon. It plak hiet earder Fallbridge en is feroare ta Wishram nei de Wisjram-Yndianen. It plak hie 213 ynwenners neffens de folkstelling fan 2000. De The Dalles Daam, in keardaam yn de Kolumbia by de stêd The Dalles is foltôge yn 1957. Doe is de saneamde Celilo Mar ûntstien, neamd nei de eardere Celilo Falls, wetterfallen dy't flakby Wishram wiene. It eardere fiskersplak wie doe ûnderstrûpt.