Woodfield Mall

Woodfield Mall
bouwurk
lokaasje
lân Feriene Steaten
steat Illinois
county Cook County
plak Schaumburg
koördinaten 42°02′48″ N 88°02′13″ W
bysûnderheden
type bouwurk winkelsintrum
boujier 1971
arsjitekt Charles Luckman
oare ynformaasje
oerflak 199.793,3 m²
tal ferdjippings 3
offisjele webside
www.shopwoodfield.com
kaart
Woodfield Mall (Chicago)
Woodfield Mall
Lokaasje yn 'e stêdekloft fan Chicago.

De Woodfield Mall is in winkelsintrum yn Schaumburg, in foarstêd fan Chicago, yn 'e Amerikaanske steat Illinois. It stiet oan 'e krusing fan Golf Road mei de autosneldyk Interstate 290. De Woodfield Mall waard yn 1971 boud en is mei in oerflak fan krapoan 200.000  it grutste winkelsintrum fan Illinois. It stiet op likernôch 43 km noardwestlik fan 'e binnenstêd fan Chicago en omfiemet 234 ûnderskate winkels en restaurants. Op jierbasis komme der mear as 27 miljoen besikers del, en it is sadwaande in wichtige toeristyske attraksje yn Illinois. Yn 2000 keazen de ynwenners fan Chicago de Woodfield Mall út as harren favorite bestimming yn 'e foarstêden.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne