De Wyldemerk is in mar yn de gemeente De Fryske Marren yn de himrik fan Harich tusken de N359 (Sudergoawei) en de Alde Balksterwei. De mar leit yn de bosken fan Gaasterlân. Oan de noardeastkant komt de Van Swinderenfeart yn de mar út, oan de noarwestkant de Spoekhoekster Feart en by de buorskip Skou rint in sleat út polder De Wite Ikkers yn de mar út. It terrein is eigendom fan Steatsboskbehear en stiet ek bekend as de Sângatten. In oare benamming is Skou, nei de buorskip Skou krekt by de súdlikste punt fan it sângat.[1] De soad wetters binne ûntstien troch sânwinning yn de jierren '60. Kij en geiten rinne dêr los om en in diel is ynrjochte as frij tagonklik libellereservaat.