Xena: Warrior Princess | ||
![]() | ||
![]() | ||
makkers | ||
betocht troch | John Schulian Robert G. Tapert | |
ûntwikkele troch | R.J. Stewart | |
produsint | Robert G. Tapert Sam Raimi | |
tillefyzjestudio | Pacific Renaissance Pictures | |
spilers | ||
haadrollen | Lucy Lawless, Renee O'Connor | |
skaaimerken | ||
sjenre | aksje/aventoer fantasy (sword and sorcery) | |
seizoenen | 6 | |
jierren | 1995-2001 | |
tal ôfl. | 134 | |
spyltiid (ôfl.) | 45-48 min. | |
lân/lannen | ![]() | |
taal | Ingelsk | |
prizen | 1 Emmy Award | |
besibbe searjes | Hercules: The Legendary Journeys |
Xena: Warrior Princess ("Xena: Krigerprinsesse") wie in tige súksesfolle Amerikaanske tillefyzjesearje dy't seis seizoenen rûn, fan 4 septimber 1995 oant 18 juny 2001, en dy't yn withoefolle lannen útstjoerd is. It wie in saneamde spin-off fan in oare searje, Hercules: The Legendary Journeys, en gie oer de heldinne Xena, spile troch de Nijseelânske aktrise Lucy Lawless, dy't tegearre mei har selskipsfrou Gabrielle (Renee O'Connor) yn it Grikelân sa't dat min ofte mear beskreaun wurdt yn 'e Grykske mytology alderhanne aventoeren belibbe.