Ympresjonisme

Claude Monet, Impressions du soleil levant
'De brêge fan Morot yn de simmer', Sisley, 1888
San Marco Venetië, Boudin, 1895
'Popelieren yn it Sinneljocht', Monet, 1887
'Wetterleeljes', Claude Monet

Ympresjonisme (fan it Latynske impressio, 'yndruk') is in styl yn de keunstskiednis dy't yn de twadde helte fan de 19e iuw yn Frankryk ûntstie. Ynearsten wie it in revolte foaroer it destiids algemiene, offisjeel erkende akademyske klassisisme, mar ek in folslein nije styltechnyske konsepsje. De streaming wurke ek troch yn de klassike muzyk, film, fotografy en yn de literatuer.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne