Yn it Skaad fan de Wolf

Yn it Skaad fan de Wolf
algemiene gegevens
oarspr. titel The Hallowed Hunt
auteur Lois McMaster Bujold
taal Ingelsk
foarm roman
sjenre fantasy
1e publikaasje 2005, New York
oarspr. útjwr. Eos
prizen Romantic Times Award 2005
nom. Mythopoeic Award 2006
nom. Locus Award 2006
rige
rige The World of the Five Gods
● foarich diel Paladin of Souls
kodearring
ISBN 0 06 05 74 623
oersetting nei it Frysk
Fryske titel Yn it Skaad fan de Wolf
publikaasje 2014, Ljouwert
útjouwer Utjouwerij Elikser
oersetter Willem Sjoerds Janzen
ISBN oers. 978-9 08 95 46 289

Yn it Skaad fan de Wolf (yn it oarspronklike Ingelsk: The Hallowed Hunt) is in fantasy-roman fan 'e hân fan 'e súksesfolle en mannichfâld bekroande Amerikaanske skriuwster Lois McMaster Bujold. It makket ûnderdiel út fan The World of the Five Gods, ien fan Bujold har beide fantasysearjes, mar is in ôfrûne ferhaal, dat ek los fan 'e oare boeken út dy rige lêzen wurde kin. The Hallowed Hunt, dêr't Bujold mei nominearre waard foar sawol in Mythopoeic Award as in Locus Award, waard foar it earst útjûn yn 2005 en is ûnderwilens oerset yn alve talen, wêrûnder it Frysk. De Fryske fertaling, fan 'e hân fan Willem Sjoerds Janzen, is titele Yn it Skaad fan de Wolf, en kaam yn 2014 út by Utjouwerij Elikser.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne