Ynsidint op Heuvel 192

It ynsidint op Heuvel 192 is de eufemistyske beneaming foar de ûntfiering en groepsferkrêfting fan en moard op Phan Thi Mao, in jonge Fjetnameeske frou troch in geweargroep fan it Amerikaanske Leger, dy't ûnder de Fjetnamoarloch plakfûn op 19 novimber 1966. Mar ien lid fan 'e geweargroep wegere mei te dwaan oan wat as in oarlochsmisdie kwalifisearre wurde moat, en krewearre neitiid om 'e oare leden fan syn ienheid berjochte te krijen. De saak krige bekendheid troch in artikel yn The New Yorker dêr't regisseur Brian De Palma yn 1989 syn film Casualties of War op basearre.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne