Zwinderen | ||
![]() | ||
Bestjoer | ||
Provinsje | ![]() | |
Gemeente | ![]() | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 423 (1 jannewaris 2010) | |
Oar | ||
Postkoade | 7864 | |
Koördinaten | 52° 44' NB, 6° 41' OL |
Zwinderen (Nedersaksysk: Zwindern) is in doarp dat oan de A37 leit yn de gemeente Coevorden (foar 1998 Oosterhesselen) yn de Nederlânske provinsje Drinte , yn de trijehoeke, Coevorden, Hoogeveen en Emmen. It plak leit besúdwesten Oosterhesselen, beëasten Hoogeveen, benoardwesten Coevorden en bewesten Dalen. Benoarden it doarp leit de Zwindersche Esch, besúdwesten it doarp is it grutte Zwindersche Veld mei dêryn de nije delsetting Nij-Zwinderen oan it Kanaal Coevorden-Zwinderen, besuden Geesbrug, trochsnien troch it Zwindersche Kanaal. Zwinderen sels leit oan de Verlengde Hoogeveense Vaart mei de "Johannes Postbrêge'", "Zwinderskebrêge" en "Driftbrêge". De famyljes Rigterink en Oldenhuis hawwe in wichtige rôl yn de skiednis fan it doarp spile.